Özcan Akyol (1984) is net allinich in bekende televyzje- en radiomakker, mar ek in populêre kollumnist. Mar boppe alles is hy de skriuwer fan twa fûle, opfallende en geweldige romans: Eus en Turis, en hy skreau it essay fan de Boekenweek fan 2020: Generaal zonder leger.

De skriuwer wurdt yn ‘e biblioteek fan Drachten ûntfongen troch gasthear Jacob van der Weij, dy’t as âld-ynwenner fan Deventer altyd mei in protte wille harket nei Özcans radioprogramma Onze man in Deventer.

Yn de wike wêryn’t Fryslân 76 jier lyn har frijheid weromkrige nei de Twadde Wrâldoarloch, sil Özcan (Eus) ûnder oare prate oer de fraach hoe’t wy eins mei dy frijheid omgeane. Hoe beskermje wy de ferwurven frijheden fan ús demokrasy yn in tiid fan populisme? Eus fertelt ek oer de rol dy’t frijheid yn syn eigen libben spilet.

De lêzing wurdt live útstjoerd fanút de studio yn de biblioteek yn Drachten en is online te folgjen fia it fideoprogramma Zoom. It is ek mooglik om fragen te stellen yn de chat.

Nei de webside →