Fan ein jannewaris oant en mei juny 2021 wurdt der yn in online lêsgroep it wurk besprutsen fan Trinus Riemersma. Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Do kinst dy oanmelde foar ien of mear (online) jûnen, der binne gjin kosten oan ferbûn. Op dizze jûn stiet Fabryk (1964) sintraal .

Yn syn wurk boartet Riemersma gauris mei perspektiven; yn syn mearlagige romans bewiist er syn sterke komposysjefermogen. Dêrneist beskikt er oer in apart satirysk talint en oer in ferfrissende humor. Syn sterke, sobere styl hat er stadichoan útbouwe kinnen ta in mearsidich ynstrumint.

Yn de lêsgroep wurde saken as tematyk en styl besprutsen, mar ek de fraach wêrom’t in boek dy wol of net oansprekt. De jûnen wurde laat troch Doeke Sijens, Babs Gezelle Meerburg (NHL Stenden) en Meindert Reitsma (Tresoar). Doeke Sijens is dwaande mei in biografy oer Riemersma en Babs Gezelle Meerburg is promovearre op Fabryk as ‘fernijende’ roman.

Datum: woansdei 27 jannewaris
Tiid: 19.30-20.30 oere
Lokaaksje: online, fia Teams
Oanmelde: úterlik 20 jannewaris, per e-mail