By Tresoar begjint dizze hjerst in kursus foar bern oant 12 jier dy’t graach in berneferhaal of -boek skriuwe wolle. In leechdrompelige kursus fan fjouwer jûnen om te ûntdekken wêr’tst goed yn bist, wat better kin en wat dyn mooglikheden binne.

Woest altyd al ris in ferhaal of boek skriuwe? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Berneboekeskriuwster Hanneke de Jong jout in geskikte basiskursus. Yn it Frysk! Lekker mei wille skriuwe en oan inoar foarlêze.

Data: woansdei 21 oktober, 4 en 18 novimber en 2 desimber fan 19.00-21.00 oere. Kosten: € 50,00. De fiertaal is Frysk. Opjefte foar 1 oktober by ynfo@tresoar.nl

Nei de webside →