Skriuwe, hoefolle minsken tinke der net oer om dat ris te dwaan? Mar hoe? Wat binne de falkûlen, hoe kinne lêzers yn in ferhaal lutsen wurde, hoe wurket taal? Dat (en mear) komt oan ’e oarder yn in koarte kursus fan trije jûnen, foar begjinnende en betûfte skriuwers. De fier- en skriuwtaal is Frysk.

De kursus sil jûn wurde troch Koos Tiemersma. Hy begûn mei it skriuwen fan lietteksten doe’t er fyftjin wie. Nei 2000 skeakele er oer op proaza. Yn 2002 debutearre er mei De ljedder, wêrnei’t noch in stikmannich boeken, in berneboek en in ferhalebondel folgen. Syn roman Einum waard yn 2015 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis. 

Data: tiisdei 22 septimber, 6 oktober, 20 oktober en 10 novimber, fan 19.30-21.00 oere. Kosten: € 50,00. Opjefte foar 15 septimber by ynfo@tresoar.nl

Foto: Hadis Malekie via Unsplash

Nei de webside →