Ein 2019, yn in folslein oare wrâld, spilen Kruidkoek en Joost Oomen de premiêre fan de foarstelling Vruchtjes Eten op festival Explore the North. De foarstelling blykte in fleurige binde te wêzen; in popcornkanon, limoenroulette, in druveskelter en publyk dat dûnse mei bananen, seinge waard mei sinesappelsop en sitroenen op simbalen smiet.

De basis fan dit alles wie de oansteklike poëzij fan Joost en de wylde, mar ekstreem goed spile muzyk fan Kruidkoek. No is dizze kombinaasje op plaat setten, en it selskip fiert dit mei in online Vruchtjesfeest ynklusyf plaatpresintaasje op sneintemiddei 21 maart. En do kinst der by wêze!

Vruchtjesfeest fia Zoom mei releasepakket fan dyn kar!

Op sneintemiddei 21 maart om 16.00 oere jouwe Joost Oomen & Kruidkoek it online Vruchtjesfeest. Yn ‘e geast fan ‘e foarstelling Vruchtjes Eten is dit lang net in normale presintaasje op sneintemiddei dêr’t it publyk fan ‘e bank ôf genietsje kin fan muzikanten dy’t harren foar in kamera yn it swit wurkje. Tidens de presintaasje wurdt ek wat fan dy ferwachte! Tink oan lychee-aaie en ljochtknopke-disko: in wier Vruchtjesfeest dus!

Bestel foar 17 maart in kaartsje mei it album (digitaal, CD as vinyl) en it releasepakket fol mei ynstruksjes, kleankoades, nifelguod, resepten en liflafkes. Dan wurdt dit allegear by dy thús brocht foar it Zoom-barren op 21 maart.

Soargje derfoar datst der by bist en bestel dyn kaarten foar 17 maart!
Kinst kieze út:

  • In kaartsje foar it Vruchtjesfeest + release pakket + download plaat € 10
  • In kaartsje foar it Vruchtjesfeest + release pakket + CD € 12,50
  • In kaartsje foar it Vruchtjesfeest + release pakket + vinyl € 15

Keapje dyn kaartsje op ‘e webside Explore the North!

Explore the North is co-produsint fan Vruchtjes Eten.

www.explore-the-north.nl