Liket it dy leuk om te hearren hoe ‘t in spannend ferhaal skreaun wurdt? Om derefter te kommen hoe’t in skriuwer op ideeën komt, in ferhaal opbout, personaazjes betinkt en plakken dêr’t de ferhalen harren ôfspylje? Om fragen stelle te kinnen? En fynst it leuk om sels ek te skriuwen? Doch dan mei oan dizze koarte kursus, dêr’t Machteld Smid dy oan de hân fan har eigen boeken meinimt yn de wûndere wrâld fan it skriuwen.

Machteld van Zalingen is auteur, skriuwdosint en redakteur. Hja begeliedt auteurs mei it skriuwen fan harren ferhaal, jout workshops en organisearret skriuwwykeinen. Dêrneist jout se les oan bern yn kreatyf skriuwen en redigearret se boeken en oare teksten. Neist non-fiksjeboeken en printeboeken skreau sy twa thrillers mei yn de haadrol resjersjeur Manon Dijkgraaf: Wraakzusters en Bloedlijn. Healwei dit jier ferskynt har tredde thriller by De Crime Compagnie. Aardich weetsje: har tredde boek spilet him diels ôf yn Fryslân en hat in Friezinne yn ‘e haadrol!

Lessen twa en trije fine plak op 15 en 29 juny.
Dizze kursus is yn it ramt fan de Thriller Weken.
Mear ynformaasje & oanmelde

Nei de webside →