Elts bern kin wurde wêr’t it fan dreamt. Dêrom is it tema foar de Berneboekewike dit jier: wurde watsto wolst. Want boeken binne in ûnútputlike boarne om oer bygelyks beroppen nei te tinken en te fantasearjen oer watsto letter wurde wolst ast grut bist. Njonken alle Nederlânsktalige (printe)boeken binne der ek in hiel soad Fryske boeken dy’t oanslute by it tema. De Afûk hat de moaiste titels hjir foar dy op in rychje setten. 

En komst ek del by de Berneboekewike-aktiviteiten yn dbieb?

De Kinderboekenweek is de grutste lêsbefoarderingskampanje foar bern yn Nederlân en hat as doel om safolle mooglik bern entûsjast te meitsjen om boeken te lêzen.