Op sneon 11 novimber 2023 is yn De Westerkerk en De Stadskas fan Explore the North yn Ljouwert de fyfde edysje fan festival De Broeikas. De Broeikas is it multydissiplinêr keunstfestival fan en foar jonge makkers yn Fryslân en Noard-Nederlân.

It festival lit sjen wat der broeit ûnder de nije generaasje keunstners, muzikanten, teatermakkers, skriuwers en spoken worden-artysten. It is it plak dêr’t sy broeie, siedzje, groeie en rispje. It festival fynt plak oan it begjin fan de festivalperioade fan Explore the North, dy’t duorret oant en mei 26 novimber. Tidens De Broeikas litte makkers út in protte keunstdissiplines harren wurk sjen. It festival jout sa in poadium oan jonge talinten út it noarden.

Fan terapypop oant bûtengewoan grutte tubes toskpoetsersguod
Op 11 novimber belibbest as besiker ûnder oare de terapypop fan Douwe Dijkstra yn Let’s Get Mental en muzyk en poëzy oer de lange wachttiden yn de gendersoarch fan Mees van Rijswijk yn De Wachtkamer. Karel stelt dy bleat oan synthpop en new wave, Aramis Arinze fertelt yn in tentoanstelling oer hoe’t er syn tiid yn Ljouwert belibbet, Loupe bringt hypnoatyske indierock en keunstner en teaterûntwerper Caya Emmelkamp nimt dy mei nei it momint fan dyn earste tút yn in dreamwrâld mei bûtengewoan grutte tubes toskpoetsersguod.

Twaspraak
Bysûnder is dat it festival ek in poadium biedt foar de premjêres fan it Fryske talint-ûntwikkelingsprogramma Tweespraak fan Kultuer Kollektyf. Caya Emmelkamp, ​​Iris Dicke, Jochem Knoef, Aramis Arinze en Jurjen Jellema presintearje elk in nij wurk binnen de eigen dissipline dêr’t se ûnder lieding fan ferskate saakkundigen in jier oan wurke hawwe. Kultuer Kollektyf is in gearwurking tusken Explore The North, Arcadia, Popfabryk, New Noardic Wave, Tryater, Voorheen De Gemeente en Keunstwurk.

Wêr en wannear?
Festival De Broeikas is sneon 11 novimber fan 14.00 oant 12.00 oere yn De Westerkerk en De Stadskas fan Explore the North yn Ljouwert.

Mei tank oan Explore the North, Kultuer Kollektyf, Keunstwurk en Gemeente Ljouwert.

Mear ynformaasje en kaarten fia:

Nei de webside →