Fergees tagonklike edysje yn de Stadskas fan Explore the North

De achtste edysje fan Hoge Woorden (it jonge, mar no al ûnmisbere spoken word-poadium fan Fryslân) fynt plak op tongersdei 14 novimber yn de Stadskas fan Explore the North op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De tagong is dizze kear fergees!

Stedsdichter en host Marrit Jellema presintearret op’e nij in yndrukwekkende miks fan lanlike wurdkeunstners en noardlik talint. Dêroer praat: oan de ein fan de jûn is der – alhiel neffens goed spoken word-gebrûk – in iepen mic. Oanmelde dêrfoar kin fia de Instagrampagina fan Hoge Woorden. Wa doart?

Op it poadium dizze edysje: DE13, Guus van der Steen, Johnny Loves Me, LouLou en Zaïre Krieger. Hiel ferskillende stimmen, fan makkers mei roots yn de rap en hiphop oant de sjoernalistyk. Allegearre hawwe se ien ding gemien: se binne rau, persoanlik en maatskippijkritysk.

Hearst op’e jûn wat datst prachtich fynst, wat dy rekket, of wêr’tst it hielendal mei iens bist? Yn de spoken word-scene meist as harker gerêst fan dy hearre litte. Knip mei de fingers, smyt de hannen yn’e loft, knik ynstimmend … Wurdkeunst libbet – en elkenien mei it witte!

Hoge Woorden is der fjouwer kear yn it jier. Presintearre en gearstald troch Marrit Jellema, mei meardere spoken word-performers.

Hoge Woorden wurdt presintearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature en Explore the North yn gearwurking mei Marrit Jellema, De Stadsdichter fan Ljouwert.

Nei de webside →