Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren op freedtejûn 5 febrewaris sil folslein digitaal wêze, op it YouTube-kanaal fan Ensafh.

Twaentweintich dichters en poëzyleafhawwers hawwe gefolch jûn oan de eardere oprop om in filmke op te nimmen en yn te stjoeren. In ryk en bûnt ferskaat dat ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde sil. Lykas wenst is der tuskentroch muzyk, ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.

Mear ynformaasje