Dizze simmer biedt de Westertsjerke yn Ljouwert in programma oan, spesjaal foar pjutten en beukers en harren heiten en memmen. Op snein 5 july wurdt ôftrape mei muzykteäterfoarstelling ‘Gonnie en Gijsje samen op pad’ (2+).

‘Gonnie en Gijsje samen op pad’ is basearre op de bekende printeboeken fan Olivier Dunrea. Mei de ferskes fan Ageeth de Haan belibje Gonnie en Gijsje in muzikaal aventoer foar jong en âld. Yn harren ûntdekkingstocht komme se der al gau efter dat neat is wat it liket. Sa feroaret de wrâld om harren hinne yn in muzikale boarterstún. In boarterstún wêryn’t elkenien wolkom is om te boartsjen en te sjongen. Yn dizze foarstelling wurde gjin poppen brûkt, mar wurde de lytse guozzen Gonnie en Gijsje symboalysk ferbylde. De foarstelling wurdt spile troch Kira Kool, dy’t in soad ûnderfining hat mei jeugd- en skoallefoarstellingen. Sa spile se koartlyn yn ‘Dikkie Dik en de taart’, basearre op de boeken fan Jet Boeke.

De foarstelling duorret sa’n 40 minuten en is bedoeld foar bern fan 2 o/m 5 jier en harren âlders. Nei ôfrin wurde der yn it kafee fan de Westertsjerke pankoeken en iis servearre. 

Mear ynformaasje en tickets

Nei de webside →