‘The Shawshank Redemption’ (de ûntsnapping) is it iepeningsferhaal fan ‘Different seasons’, in ferhalebondel út 1984 fan Stephen King. De ferfilming fan 1995 ûntjoech him fan flop ta publyksleafling. Op filmwebside IMDb waard er okkerdeis sels keazen as ‘bêste film ea’. Genôch reden om de film eksakt 25 jier nei ferskining op ‘e nij sjen te litten op it wite doek.

Morgan Freeman spilet Red Redding, in ta libbenslang feroardielde finzene dy ‘t eksakt wit hoe ‘t it der yn de Shawshank gefangenis oan om en ta giet. Tim Robbins is nijkommer Andy Dufresne, in stille bankier dy ‘t by fersin feroardiele is foar moard. Andy sit fol ferrassingen, mar de grutste bewarret er oant op it lêst.

‘The Shawshank Redemption’ is regissearre troch Frank Darabont (‘The Walking Dead’, ‘The Green Mile’).

De film draait dizze simmer ûnder mear by Slieker Film

Nei de webside →