Kuierje troch de Ljouwerter binnenstêd en lit dy ferrasse troch ferhalen en muzyk, byldzjende keunst, teäter en noch folle mear. Lokale helden diele it poadium mei ynternasjonale toppers en jong talint spilet mei âlde bekenden: fan klassike firtuoazen oant elektroanyske avonturiers.

It festival bringt dy lâns in moai mannich ûnbereizge paden op alderhande ekspedysjes en lit dy yn ’e kunde komme mei nij wurk en (ynter)nasjonale (ko)produksjes. Mei ferhalen dy’t it alledeiske bysûnder meitsje en in ûnûntdutsen fjoer yn dy oanblaze. En mei muzikale optredens fan de meast yntime, flústersêfte soarte oant flitsende feestjes.