Op freed 21 febrewaris is der yn Ljouwert in filmmiddei mei oandacht foar minderheidstalen. De koarte Fryske film Baarch en de Katalaanske spylfilm Alcarràs wurde fertoand op it wite doek. Boppedat binne filmmakkers Joris Hoebe (û.o. CineNord en New Noardic Wave) en Rutger Veenstra (Baarch) derby om te fertellen oer it belang fan film en minderheidstalen en de plannen foar in Frysk filmfûns. De filmmiddei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei.

Baarch en Alcarràs

De Fryske film Baarch en de Katalaanske film Alcarràs fertelle beide in ferhaal oer famylje en it plattelân, mar hawwe in folslein oar tema.

Baarch (2024) is in koarte film fan de hân fan Rutger Veenstra. Nei in finzenisstraf foar in sededelikt, komt de soan fan Nanne werom nei it âlderlik hûs op it Fryske plattelân. De omjouwing is net wiis mei dy weromkomst. Kiest Nanne foar syn soan of de mienskip?

Alcarràs (2022) is in film fan Carla Simón en hat ferskate prizen wûn. Sa is it de earste Katalaanske film mei in Gouden Bear. De film toant it ferhaal fan famylje Solé, dy’t al generaasjes lang op in pjiskehôf yn Kataloanië wurket. Dêr komt feroaring yn as de nije lâneigener oare plannen hat mei it stik grûn: de famylje en pjiskebeammen sille plak meitsje moatte foar sinnepanielen.

Minderheidstalen en film

It EBLT freget al jierrenlang oandacht foar de stipe fan filmproduksjes yn minderheidstalen. Op de middei is der dêrom ek tiid om te sjen nei de ûntwikkelings yn Fryslân. Sa sil Joris Hoebe op ’e middei fertelle oer de plannen foar in Frysk filmfûns en kin Rutger Veenstra it produksjeproses fan Baarch taljochtsje.

Ynternasjonale Memmetaaldei 

It is alwer de alfde kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film films oer en mei taalminderheden presintearje op ’e Ynternasjonale Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. Der binne mear as tweintich EBLT-lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Wês wolkom

De filmmiddei is op freed 21 febrewaris en begjint om 14:00 oere yn Slieker Film, Ljouwert. Ynrin is nei 13:30 oere. Kaarten binne by Slieker te krijen.

Nei de webside →