In gedicht op in keale muorre, in moai sitaat op in monumint, in gevel dy’t in filmskerm wurdt…

Mei Decemberlicht bringt it duo Kroft&Smids de tsjustere dagen om kryst en nijjier hinne ljocht, troch op ferskate plakken yn de Ljouwerter binnenstêd ferhalen te meitsjen yn wurden of bylden mei projeksjes.

Kroft&Smids bestiet út teaterregisseur Karina Kroft en technysk ûntwerper Remko Smids. Doe’t by de earste Corona-lockdown alles stil kaam te stean, projektearren se santich jûnen lang teksten fol hope op gebouwen yn en om Ljouwert. Wat begûn as in spontane aksje waard in folweardich projekt dat ek in boek opsmiten hat.

En se makken yn 2020 Decemberlicht, in ljochtrûte troch de tsjustere strjitten fan de Ljouwerter binnenstêd. Dy rûte wurdt no trochset mei nije lokaasjes en nije teksten.

Nei de webside →