Begjin de winter fan dit jier mei in sliepkuier dy’t útein set fanút dyn eigen bêd. Doch de koptelefoan op, lûk dyn jas oan en lit dy mei in podcast fan skriuwers Marie Borremans en Raymond Muller meinimme troch de wûndere wrâld fan in winterske dei.

Ienkear op paad ferkensto de grinzen fan dyn eigen buert en begjinst dy ôf te freegjen wat wier is en wat fantasy. Want sliepsto? Bist wekker? Sliepwekker miskien? Ien ding is wis: do bedarrest dochst wer yn dyn eigen sliephol.

De wintersliepkuier is fan sneintejûn 20 desimber 2020 ôf om 00.00 oere (it offisjele begjin fan de winter) oant en mei 21 maart 2021 hjir beskikber. De podcast makket diel út fan ‘De Verwonderkamer’: literêr projekt fan Explore the North, Ljouwert City Literature en deBuren.

Foto: Gaël Cessateur fia imaggeo.egu.eu

Trailer
Nei de webside →