Fan 20 oant en mei 30 jannewaris fine foar de 18e kear De Nasjonale Foarlêsdagen plak. Mei dizze jierlikse kampanje is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan nul oant en mei seis jier. Fêst ûnderdiel is it printeboek fan it jier. Dit jier is dat ‘Coco kan het!’, skreaun en yllustrearre troch Loes Riphagen.

Krekt no ‘t in soad húshâldingen troch corona mei-inoar thús binne, is foarlêzen tige wichtich. It ‘Prentenboek van het Jaar 2021’ en de njoggen oare boeken út de printeboek Top 10 jouwe ekstra ynspiraasje. De Nasjonale Foarlêsdagen starte op woansdei 20 jannewaris mei it ‘Nationale Voorleesontbijt’. Oars krije learkrêften lesideeën en knutseltips, dit jier kinne je dy sels – neist de printeboek Top 10 – fine op de webside fan de Foarlêsdagen.

De Nasjonale Foarlêsdagen is in projekt fan Stichting Lezen , organisearre troch de Stichting CPNB.

Mear ynformaasje