Folgje de dichters fan Poetry Circle Leeuwarden en Poetry Circle Amsterdam by harren mienskiplike optreden op Zoom. Sjoch fergees mei!

It is tiid foar de 2e Circle Session fan it jier!

Yn jannewaris sette it earste blok fan Poetry Circle yn 2021 útein, mei ynspirearjende lessen op it mêd fan poëzy, skriuwen en performance foar jongeren fan 15-25 jier.

Tradysjoneel wurdt in blok ôfsletten mei in Circle Session, wêryn’t ferskate Poetry Circle-stêden harren wurk tegearre sjen litte.

24 april 2021: 020 nûget 058 út

Sneontejûn moetsje de Circles fan Amsterdam (020) en Ljouwert (058) inoar online. En do kinst der by wêze! Benijd watst ferwachtsje kinst? Hjir sjochst in yndruk fan de Circle Session fan maart.

Folgje it op Zoom

Om 19.00 oere komme de twa Circles it striidtoaniel op op Zoom. De sessje duorret oant likernôch 21.00 oere. Dus jou dy sneontejûn del op de bank, koptelefoan op, pak in drankje en genietsje fan de kreative wurdboarterijen, spraakwetterfallen en boeiende optredens fan Poetry Circle.

Fan 18.45 ôf oere logst fergees yn op
https://us02web.zoom.us/j/89235526660?pwd=bm1NOG5wclZBMThwaVE1ZTUvNDhFZz09

Poetry Circle 058 wurdt organisearre troch Poetry Circle Nowhere, De Westerkerk en Explore the North, wêrmei’t se ynvestearje yn talintûntwikkeling yn Ljouwert.

https://us02web.zoom.us/j/89235526660?pwd=bm1NOG5wclZBMThwaVE1ZTUvNDhFZz09