Arcadia nûget dy út foar de boeklansearring fan it nije printeboek Ik wol in bosk op ‘e jierdei / Ik wil een bos voor mijn verjaardag. It boek is ynspirearre troch it Arcadia-projekt Bosk en ta libben brocht troch yllustrator en berneboekemakker Linda de Haan. De presintaasje is op freed 22 maart yn de Kapel van dbieb yn Ljouwert.

Yn dit printeboek fol fantasij folgje we Simke, dy’t mar ien grutte winsk hat foar har jierdei: in beam yn ‘e strjitte. In winsk dy’t liedt ta in ûnferwachte ferrassing, en de hiele strjitte transformearret yn in libjend, azemjend bosk, dêr’t keunst, foarlêzen, spul en aventoer gearkomme. Ik wol in bosk op ‘e jierdei en Ik wil een bos voor mijn verjaardag binne meikoarten te krijen by dyn lokale boekhannel, fia de Afûk en Uitgeverij Ploegsma.

Programma

15:00 oere – Iepening troch Bruno Doedens (betinker Bosk) en Linda de Haan
15:25 oere – Oerhandigen boek oan Levi Silvijn (berneboargemaster Ljouwert) en Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân)
Fan 15:30 – Workshops foar bern, eksposysje, Foarlêsmominten, boekferkeap en mear!

Nei de webside →