De Boekenweek 2021 wurdt fierd fan 29 maaie oant en mei 6 juny. It Boekenweekgeschenk fan Hanna Bervoets – tagelyk yn in Fryske oersetting fan Baukje Zijlstra – en it Boekenweekessay fan Roxane van Iperen binne dan einliks troch hiel Nederlân te lêzen. Om de drokte te sprieden en winkeljen foar elk feilich te hâlden, binne de útjeften de hiele moanne juny beskikber.

Boekewikegeskink yn it Nederlânsk en it Frysk

By besteging fan minimaal €15,00 oan boeken krijst it boekewikegeskink Wat wij zagen fan Hanna Bervoets kado. Ek dit jier hat it CPNB yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân wer in Fryske oersetting meitsje litten. Yn de oersetting makke troch Baukje Zijlstra is it boekewikegeskink ûnder de titel Wat wy seagen te krijen. Yn de boekewike (en de hiele moanne juny) kinst dus kieze tusken de Frysktalige of de Nederlânsktalige edysje as geskink!

hebban.nl