It is wer (Fryske) Berneboekewike! It tema foar dit jier is ‘En toen?’, of yn it Frysk ‘En doe?’. Dat betsjut werom yn de tiid! Werom nei de tiid doe’t pake en beppe jong wiene. Of miskien wol werom nei de tiid fan ridders en jonkfroulju. Of wat tochtest fan de tiid dat der yn Fryslân noch dinosaurussen troch de greide stapten! Untdek wrâlden fan doe yn boeken fan no.

Der binne in hiel soad Fryske berneboeken om (foar) te lêzen dy’t oanslute by it tema. Bern kinne op skoalle by it fak Frysk wurkje oan in superleuk projekt yn Spoar 8. En meidwaan oan in ferhalewedstryd en in publikaasje winne yn in écht tydskrift!

Lês mear oer de Kinderboekenweek (lanlike webside)
en oer de Fryske Berneboekewike en de ferhalewedstryd

Foto: Tryntsje Nauta