De 53e ôflevering fan in programma mei poëzyfoardrachten, spoken word, ferhalen en muzyk
Mirjam Dijkhuis (Grins) rekket en ûnderfynt it wêzen fan ‘e minske yn swart-wyt en alle kleuren fan ‘e reinbôge. Se skoddet wekker yn rauwe realiteit en skept sêftens troch te dûnsjen yn it ljocht en it tsjuster.
Klaas Kasma, kolumnist foar Stadsblad Liwwadders en sûnt in pear jier begjinnend boekferkeaper yn Boekenpassage De Rode Loper. Hy lêst in pear fan syn kolumns foar en guon fragminten út syn boekewinkeldeiboek.
Sanja Šimunić (Seist) is learkrêft op in Frije Skoalle foar spesjaal ûnderwiis en skriuwt oer bern en harren rolmodellen, of it no boemannen binne lykas heiten, fjildwachters, direkteuren, lúsjemoeders, âlde toandichters, pedante hoeders of malafide Balkaneeske omkes.
Afrida Adema, spoken word-artyste út Kollum, fertelt spontaan, beminnelik mei in fleugje humor. Wêr’t it oer giet? Dat bliuwt in ferrassing!
Reinier van Delden, skriuwend persoan út Meppel, observearret skerpsinnich en sjocht sa it bysûndere yn deistige situaasjes. Wat er sjocht, skriuwt er sûnder omhaal op, yn puntich proaza. Oer hûslik libben, wurk, leafde en muzyk, en oer moetsjen mei minsken dy’t opfallend faak muoite hawwe it libben by te hâlden.
Evelyne Korfage (Ljouwert), ek wol bekend as Bebe Marzipan, sil foardrage út har nijste wurk, poëzy dy’t noch yn de berneskuon stiet foar har kommende bondel. Har gedichten dûke djip yn yntrospeksje, balansearje op ‘e grins tusken dreamen en realiteit, en drage in tikje ritmyske, brutale bravoure. Binnenkoart binne ek optredens mei har eigen komposysjes yn elektroanyske muzyk te ferwachtsjen.
Marjan Reijenga (1969) út Dokkum sil foardrage út har debútbondel Ferlern ferlangen, ferstille fertriet. Tema’s binne fertriet, rou, ferlies, gemis, iensumens, depresje en ferlangen.
Sacha Landkroon, dichter út Grins, siket kontinu de balâns tusken ôfwage poëzy en belutsen spoken word. Altyd kritysk op himsels en stribjend nei foarútgong, besiket er nije grinzen te ferkennen en ferbiningen oan te gean mei oare keunstfoarmen lykas dûns, perkusje, skilderkeunst of sels keramyk. Yn novimber 2024 kaam syn tredde dichtbondel Dichter by doe út.
Marleen Adema, singer-songwriter út Ljouwert, sjongt en spilet sels skreaune fertellende lietjes. Se binne gefoelich en fleurich, mei trochtochte Ingelske en soms Nederlânske teksten oer it libben, freonskip en de deistige dingen.
Marc Kooij bringt Nederlânsktalige lietjes dy’t fariearje tusken lomp en kryptysk, mei teksten oer it waar, ferslavingen en leafde. Hy begeliedt himsels op ‘e banjolele.

De jûn wurdt presintearre, lykas altyd, troch Melvin van Eldik.
Begjin: 20:30 oere
De seal giet iepen foar publyk om: 20:00 oere
Tagong mar €5. Reservearje kin fia: bepfalkje@hotmail.com