Freed 16 septimber ha we ús Arcadia-ferhaleprojekt Utsteld gelok ôfsluten mei de skriuwers, oersetters, foarliezers, túneigners, gasthearen, gastfroulju, fotografen en oare belutsenen.

Al nimme we noch net folslein ôfskied: Utsteld gelok is dizze hjerst noch fjouwer kear te sjen op festival Explore the North yn it sintrum fan Ljouwert, op sneon 15 oktober om 13:30 en 15:30 oere yn de tún fan it Sint Anthony Gasthuis oan it Perkswaltje en op snein 16 oktober om 13:30 en 15:30 oere yn de tún fan Hein de Graaf en Marijke Tiemersma, Bagijnestrjitte 30. Entree mei in polsbandsje foar it festival, en hoechst dizze kear net sels in stuoltsje mei te nimmen.

Foto’s: Lucas Kemper