Griis gelok - Leeuwarden City of Literature

Gedicht: Paul van Dijk | Foto: Angelo Wagan (Unsplash)

Parys hat de ruten iepensetten
in mylde wyn waait oer de Place Beaubourg
omklongeljende wolken en cappuccino op ’en paad
ik sit bûten by in taffeltsje fan in kafee

midden op ’e dyk set in man syn hûs del
mei in klap slacht er de doar fan de âld mercedes ticht
en docht as heart er it fjoerslachs toeterjen net
yn ’e hannen in grutte plestik sek mei fûgelsied

dan, fladderjen út alle hoeken, stedsfûgels,
it plein in boek mei wite siden, dêr’t letters op rûgelje
in griemmank fan griis, de strjitte in tapyt

falle se him oan? flusteret myn reptilebrein
dat wy twaën inoar hjir moetsje moatte, gnyskje ik
de man dy’t it mier hat oan dowen, en hy

dy’t súntsjes mei de hân oer de fearren strykt
by eltse skiere skoaier wer oare dingen sjocht,
it blau griis fan it bealchje, de ljochtgrize wjukken
it wyt, de nuvere soerstôkrôze skonkjes‘Qui est-ce?’ freget ien oan de garçon
‘un ami des pigeons’, seit er
ûngemurken wurdt de doweman wei
yn in wolk fan griis gelok

Paul van Dijk (berne yn Snits, wenjend yn Warkum) skriuwt berneboeken dy’t er sels yllustrearret. Ek makket er foarstellingen mei syn eigen (muzyk)teätergroep, Knûkel. Foar syn debút as dichter, de bondel Famke fan snie, wûn hy de D.A. Tammingapriis 2022.