UNESCO hat oankundige dat 49 nije stêden meidogge oan har Creative Cities Network, wêrtroch’t der no yn totaal 295 Creative Cities út 90 lannen oer de hiele wrâld binne. Fan dizze nije Creative Cities binne 3 oanwiisd as Creative Cities of Literature: Göteborg, Sweden; Jakarta, Yndoneezje; en Vilnius, Litouwen.

Der binne no 42 Creative Cities of Literature út 31 lannen oer de hiele wrâld. De UNESCO Creative Cities of Literature hjit de nije stêden fan herte wolkom. Se sjogge der nei út gear te wurkjen om de krêft fan literatuer te brûken foar duorsum en ynklusyf gearlibjen.

It UNESCO Creative Cities Network (UCCN), yn 2004 oprjochte troch UNESCO, ferbynt stêden dy’t kultuer en kreativiteit strategysk brûke foar it realisearjen fan de 2030-aginda foar duorsume ûntwikkeling. It netwurk hat stêden op sân kreative gebieten: ambacht en folkskeunst, ûntwerp, film, gastronomie, literatuer, mediakeunst en muzyk. Kreative stêden brûke kreativiteit yn har ûntwikkeling om ynklusiviteit, feiligens en duorsumens te ferbetterjen.