Tidens it mediakeunst- en ljochtfestival LUNA (Leeuwarden Urban Night Adventure) sjochst yn de tún fan de Fryske Akademy de ynstallaasje KONTAKT. KONTAKT is in koproduksje fan LUNA en Ljouwert Unesco City of Literature.
It wurk KONTAKT is spesjaal ûntwikkele foar dit plak, sawol yn foarm as yn ynhâld. De gearwurking fan de Dútske ljochtkeunstners Detlef Hartung en Georg Trenz mei de Fryske dichter en arsjitekt Grytsje Schaaf, dy’t it wurdmateriaal foar KONTAKT ûntwikkele, is spesjaal.
It beheinen fan ús kontakten wie oan it begjin fan de korona-krisis in wichtige maatregel. Dit hat ús sosjaal en maatskiplik libben radikaal feroare. Mei projektearre wurden oer arsjitektuer en har besikers, yn it Frysk en it Nederlânsk, giet dit wurk oer hoe’t ús waarnimming fan kontakten en har betsjutting feroaret.
Ljocht, romte, arsjitektuer, natuer, minsken en taal komme yn foarm en ynhâld mei-inoar yn kontakt, beynfloedzje inoar en har omjouwing.
LUNA wurdt organisearre troch de Stichting Media Art Friesland.
Nei de webside →