De Dei fan de Fryske Letterkunde (kongres fan de Fryske Akademy en Tresoar) giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje.
Yn 2020 wurdt betocht dat it 75 jier ferlyn is dat Fryslân befrijd waard. Sadwaande is it tema Befrijing yn ‘e Fryske Literatuer. Yn novimber en desimber sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.