Praktyske ynformaasje:
Snein 15 novimber 2026 15.00 – 17.30 oere
Lokaasje: Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert
Doelgroepen: koaren en diriginten, liturgy-kommisjes en foargongers, oargelisten en pianisten, poëzije – en muzykleafhawwers.

“In spyltúch bin ik” – Sjongmiddei mei lieten en gedichten fan Fedde Schurer


Snein 15 novimber 2026, 15.00 – 17.30 oere yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert
Doelgroepen: koaren en diriginten, liturgy-kommisjes en foargongers, oargelisten en pianisten, poëzij- en muzykleafhawwers.
By gelegenheid fan 75 jier ‘Kneppelfreed’ organisearret de Wurkgroep Fryske Fespers yn de Grutte Tsjerke tegearre mei de Stifting YKFE (= Yntertsjerklike Kommisjie foar it Frysk yn de Earetsjinst) in feestlike sjongmiddei fan lieten út de bondel ‘De gitaar by it boek’ en de deklamaasje fan in oantal gedichten fan Fedde Schurer. Yndertiid binne dy lieten populêr wurden troch de LP ‘In spyltúch bin ik’ fan Roel Slofstra.


Letter binne by 36 lieten nije toansettings en bewurkings foar koaren makke troch Louise Godin, Geart van der Heide, Jan de Jong, Hindrik van der Meer en Bob Pruiksma. Guon lieten wurde noch geregeldwei songen yn de tsjerken, lykas in oantal gesangen fan syn hân yn it Lieteboek.

Op dizze sjongmiddei wurdt in seleksje fan dy lieten songen troch in gelegenheidskoar; boppedat sille in pear gedichten fan Fedde Schurer deklamearre wyurde troch Klaske Straatsma-Westerhof en Margreet Terpstra-Andringa. Alex Riemersma hâldt in koarte ynlieding oer de betsjutting fan Fedde Schurer foar it Frysk yn tsjerke yn de tiid fan de earste Fryske Bibeloersetting. Jan de Jong jout in taljochting by de toansettings yn de bondel ‘In spyltúch bin ik’ (útjefte fan Intrada).
De winsk is dat de lieten út dy bondel noch lange jierren songen wurde sille!


Tagong fergees, kollekte by de útgong. Mear ynformaasje fia de webside:

Foto: David Beale fia Unsplash

Nei de webside →