Kom del, lês en meitsje mei!

Lústerje nei in goed ferhaal of gedicht en dêrnei dyn kreativiteit de frije rin litte. Skriuwer en spoken word-dichter Gaia Willemars kiest fan ’e middei wat wy lêze en jout in workshop.

Wy lêze mei-elkoar teksten fan Gaia en teksten dy’t har ynspirearren, rûnom it tema (feroarjende) lichaamlikheid. Dêrnei prate we oer wat se by ús oproppe. Wat rekket dy? Wat is werkenber, of just net? Hokker sinnen of wurden fynst moai? Wat bringt dy op nije gedachten?

Dêrnei giest sels oan de slach mei watst heard hast. Gaia helpt dy op wei ast skriuwe wolst of dichtsje. Kinst dyn eigen boekje meitsje of mei kollaazjetechniken oan de slach. Der lizze fansels pinne en papier klear en der steane typmasines, mar kinst ek wurkje mei tekstyl, of bygelyks borduere op papier. Der is ek wat te iten en te drinken, ast gewoan gesellich hingjen bliuwe wolst.

Gaia Willemars is skriuwer fan (berne)boeken en spoken word dichter. Se studearre filosofy yn Amsterdam. Yn 2023 debutearre Gaia mei Eicel (Nijgh & Van Ditmar). Dêrnei kaam it berneboek Het wolfje dat geen roedel nodig had (Volt). Yn 2025 en 2026 naam se diel oan Poetry Circle en se trede fierder ûnder oare op by Explore the North, ROEF Festival en Lowlands 2026. Gaia jout skriuwworkshops oan alle leeftiden en skriuwt ek speeches en kreative teksten yn opdracht.

Dizze aktiviteit is in gearwurking fan Explore the North, Ljouwert UNESCO City of Literature en De Samenleesclub.

Nei de webside →