Dichter-performer Erik de Boer en seis winners fan de Gjalp 2026 binne yn novimber te sjen en te hearren op twa festivals. Op 8 novimber bringt De Boer syn Fryske Oersonate op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. Fiif dagen letter, op freed 13 novimber, steane seis dichters op it poadium fan it literêre festival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach. Beide optredens komme fuort út it literêre talinteprogramma de Gjalp, dat Fryske skriuwers en dichters de kâns jout om har wurk op nije poadia hearre te litten.

Fryske Oersonate op it Noordelijk Film Festival

Op snein 8 novimber presintearje de Gjalp en it Fries Film en Audio Archief (FFAA) de foarstelling Fryske Oersonate fan dichter-performer Erik de Boer op it Noordelijk Film Festival. De foarstelling is in frije Fryske oersetting fan de dadaïstyske Ursonate fan Kurt Schwitters, kombinearre mei in boartlike, absurdistyske filmmontaazje fan bylden út it argyf fan it FFAA.

Erik de Boer (Drachten, 1991) wûn yn 2025 de earste iepen oprop fan de Gjalp mei syn plan om de Ursonate nei it Frysk oer te setten. Syn Fryske Oersonate gie yn juny 2026 op Oerol yn premjêre. Mei syn yndrukwekkende foardracht, fol klank en ritme, en de byhearrende filmbylden makket De Boer der in dadaïstyske ûnderfining fan.

Op it Noordelijk Film Festival wurdt de foarstelling ynlaat troch keunstner Marten Winters, dy’t koart yngiet op it wurk fan Erik de Boer en de skiednis fan Dada yn Drachten. Nei de foarstelling wurdt de dokumintêre De mens is van nature hoekig (1983) fertoand. Dy fertelt it ferhaal fan Kurt Schwitters en syn bân mei de Drachtster bruorren Rinsema. Schwitters ferbleau yn 1923 yn Drachten en joech dêr op 13 april yn hotel De Phoenix syn ferneamde dada-optreden, as ôfsluting fan de Nederlânske Dada-fjildtocht.

De Fryske Oersonate is op 8 novimber om 15.30 oere te sjen yn Het Ruim, Ruiterskwartier 6 yn Ljouwert.

Seis dichters bringe it Waad ta libben op Skiermûntseach

Op freed 13 novimber steane de seis winners fan de Gjalp 2026 op it poadium fan Meet Me at the Lighthouse, it literêre festival op Skiermûntseach. It giet om Ypie Bakker, Joël Huitema, Remco Kuiper, Hannes Schievink, Gabrielle Terpstra en Myrte Marije Veenbaas.

Mei elkoar bringe sy in literêr programma fan in oere, dêr’t it Waad as reade tried trochhinne rint. It Waad is ek it tema fan de Gjalp yn 2026. De dichters jouwe dêr elk op eigen wize wurden oan. By harren optreden wurde se muzikaal begelaat troch de muzikanten fan it Hûs fan de Skries. Sa komme poëzy, muzyk en it Waad by elkoar yn in mienskiplike performance.

De Gjalp is op 13 novimber om 12.30 oere te sjen yn de Teensmazaal yn Hotel van der Werff op Skiermûntseach.

De Gjalp as springplanke foar Frysk literêr talint

It Fryske wurd ‘gjalp’ betsjut (út)rop. De Gjalp is in inisjatyf fan literêr tydskrift Ensafh, poadium foar keunst, kultuer en opiny de Moanne en dichterskollektyf RIXT. Alle jierren organisearret de Gjalp in iepen oprop foar Fryske skriuwers dy’t ambysjes hawwe om in literêre poadiumproduksje te meitsjen.

Mei de optredens op it Noordelijk Film Festival en Meet Me at the Lighthouse wurdt sichtber hoe’t de Gjalp skriuwers stipet om nije artistike wegen yn te slaan en harren wurk by in breder publyk te bringen.

Foto: Lucas Kemper