Op 12 novimber hâldt plakgenoat Arend Hazekamp in lêzing yn de Pleats yn Burgum. Hij publisearre ferline jier it boek Vrije socialisten in verzet 1940 -1945, oer it geweldleas ferset fan de geastessibben fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis yn Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch.

Dizze frije, net oan in partij bûne sosjalisten wiene yn ’e perioade tusken de beide wrâldoarloggen oertsjûge rekke fan geweldleaze striidmiddels. Har ideaal fan in sosjalistyske maatskippij koe net berikt wurde mei de wapenen fan ’e barbaren. Sy wiene ferklearre tsjinstanners fan oarloch. As tsjinstwegerders sieten hja yn de finzenis harren straf út. As fredesaktivisten makken se sels wiidweidige plannen hoe oarloggen keare te kinnen. Hja warskôgen hieltyd foar it útbrekken fan in nije wrâldoarloch. Wat koene sy útrjochtsje tsjin de Dútsers, dy’t yn de besetting hieltyd bruter opkamen? De frije sosjalisten yn Nederlân hawwe har fersetten mei help fan ûndergrûnske fersetsblêden, yllegale publikaasjes en troch help oan ûnderdûkers. Hja beaen ûnderdak oan elkenien dy’t it nedich hie, lykas de ferfolge Joaden, en holpen har oan ferfalske persoansbewizen en bonkaarten.

Yn syn lêzing giet Arend Hazekamp yn op it geweldleaze ferset yn de noardlike provinsjes en yn Fryslân. Dizze lêzing wurdt organisearre troch de Kulturele Kommisje Burgum yn de Pleats yn Burgum. In tagongsbewiis kostet 12,50 euro.

Nei de webside →