It is him net oan te sjen, mar Tomke fiert dit jier syn 25-jierrich jubileum! Wa’t jierdei is traktearret en dêrom ferskine der fan it jier ferskillende feestlike nije produkten fan Tomke en organisearret de Afûk ek in tal feestlike aktiviteiten om it mantsje hinne.


Feestlike aktiviteiten en produkten


Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele.


Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’

Fansels mei in boekje net ûntbrekke. Spesjaal foar it jubileum is keazen foar in harmoanikaboekje (leporello) wêryn’t Tomke de nachtsjes telt oant syn jierdei. It boekje is ûnderdiel fan it Tomkefeestkofferke foar pjutteboartersplakken, mar is fan 25 maaie ôf ek te keap yn de boekhannel.


Tomke feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang


Foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân hat Tomke in superfeestlike traktaasje: it Tomke-feestkofferke fol leuke kadootsjes! Yn it kofferke fynst bygelyks Tomkefeestflachjes, it nije Tomke-jubileumboekje, in lesbrief oer it tema feest en in dobbelspultsje foar jarige Jobs en Jetten. Pjutteboartersplakken en berne-opfangsintra hawwe in brief mei in bon tastjoerd krigen wêrmei’t se fergees in kofferke ophelje of oanfreegje kinne.


Feestlike Tomke toer


Dûnsjen, sjongen, moaie ferhalen en in draaioargel! Tomke ‘toert’ yn juny mei ferskate wurkwinkels by pjutteboartersplakken, berne-opfangsintra en biblioteken del. De ferskillende wurkwinkels wurde fersoarge troch Janneke Brakels (sjongeres), Willy van Assen (Danswil), Riemkje Hoogland (skriuwster), Hinke Schwering (Muziekbeestje) en Luuk Klazenga (yllustrator). Sjoch foar in oersjoch fan de wurkwinkels op www.tomke.frl.


Nije Tomke ferskes

By in feestje heart muzyk! Der binne mar leafst seis nije ferskes fan Tomke om mei te sjongen en op te dûnsjen. De ferskes binne skreaun en op muzyk setten troch Geartsje Douma, Janneke Brakels en Sytse Broersma.


Tomke yn de biblioteek


Tomke is sljocht op ferhalen en yn de biblioteek fynt hy de moaiste boeken. Dêrom hat er dêr dit jier in ekstra moai plakje krigen! Boppedat komt Tomke de hiele moanne juny by de biblioteken del mei ferskate wurkwinkels en oare aktiviteiten.


Tomke skriuwwedstriid


Foar de kommende jierren siket Tomke ien of mear skriuwers om de skriuwgroep oan te foljen. Yn maart dit jier is der in oprop dien: “Wa wurdt de nije skriuwer fan Tomke?” Dat resultearre yn mear as 50 dielnimmers dy’t mei-inoar mear as 60 ferhaaltsjes ynstjoerden. In sjuery besteande út û.o. de tsjintwurdige skriuwsters fan Tomke, Riemkje Pitstra en Geartsje Douma, sil ynkoarten bekend meitsje wa’t de nije Tomke-skriuwer(s) wurde sil(le).


Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’


Fan 1 juny ôf sille der wer nije Tomke-aventoeren te sjen wêze op Omrop Fryslân TV. Alle dagen fuort nei Tsjil om 09.00 oere moarns. En foar it echte jeugdsentimint: fan 21 oant en mei 26 juny binne alle dagen om 18.50 oere de alderearste tekene Tomke-útstjoeringen op telefyzje te besjen!


It jierdeifeestje fan Tomke


As it kin fanwegen it koroanafirus hâldt Tomke op 18 septimber syn jierdeifeestje by de Muzykpleats yn Bûtenpost! Kompleet mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke
speurtocht. De kaartsjeferkeap set ein july útein.


Fryske Foarlêswike


Yn de Fryske Foarlêswike geane alle jierren hûnderten foarlêzers op besite by pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en gastâlders om dêr foar te lêzen. Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike wurdt alle jierren in nij Tomke-temaboekje makke, dat alle pjutten nei it foarlêzen fergees mei nei hûs krije. Fanwege koroana wurdt de Fryske Foarlêswike dit jier net yn juny, mar fan 27 septimber oant en mei 1 oktober organisearre, mei as tema ‘tiid’. Sa is it nei de simmer fuortendaliks alwer feest mei Tomke!

www.tomke.nl