Yn 2027 sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea. 

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Oars as earder it gefal wie, is de arke no ek beskikber yn’e maaitiid en by ’t hjerst en by’t winter. 

Skriuwers kinne har opjaan foar ien wike yn’t jier. Der is yn 2027 maksimaal plak foar 12 skriuwers. 

 
De arke is beskikber yn de neikommende perioaden:

  • 1 jannewaris – 24 april 2027
  • 24 july – 14 augustus 2027
  • 19 oktober- 31 desimber 2027

Belangstellenden kinne har oant freed 1 desimber 2026 skriftlik oppenearje by Antje Postma skriuwersarke@stiftingflmd.frl.  Dêrby moat neist de wike dy’t de foarkar hat, ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. 

As de arke al fersein is yn de periode fan de foarkar, dan wurdt der kontakt opnaam om te besjen wat de fierdere mooglikheden binne. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar watfoar skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne.