‘Shanti Shanti’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “It gedicht is ynspirearre op in passaazje út Louis Paul Boon syn boek Mijn kleine oorlog (1946), en T.S. Eliot syn gedicht The Wasteland (1922), dat útgiet op ‘shanti shanti shanti …’, in wurd foar frede yn it Sanskryt. Alle talen ha wol in wurd of útdrukking foar frede.”

De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne te lêzen op dizze webside.

Shanti shanti

(frij nei Louis Paul Boon)

shanti, shanti, do
bist mar in minskje
dat ferlet hat fan wat te iten
in bytsje waarmte op syn tiid
fan in bêd, net te hurd, net te sêft
fan ien dy’t dy sjocht
fan de leafde, miskien in bern

shalom, shalom, do
rinst sûnder wapens tusken
ús om en wy mar op dyn
bleate teannen wâdzje!

salaam, salaam, do bist
in minskje dat him net
it sintrum fan it universum fielt
in minskje ûnder de minsken
dat fan oare minsken hâldt
mear as fan flaggen
en fan heitelân