Nije histoaryske graphic novel fan Elske Schotanus
By útjouwerij Afûk is in nije graphic novel fan Elske Schotanus ferskynd: Jonges fan Sleat. Yn dit ryk yllustrearre boek foar lêzers fan 10 oant 110 jier ferdwine de grinzen tusken romte en tiid. It ferhaal is foar in part fiksje, mar details oer it libben yn de Gouden Iuw binne basearre op histoaryske gegevens, wêrby’t it ‘Weesboek fan Sleat’ de oanlieding foarme foar it ferhaal.
De graphic novel is in populêre fertelfoarm dy’t troch de kombinaasje fan wurd en byld net allinne jongerein en leafhawwers fan tradysjonele strips oansprekt, mar ek folwoeksenen. Schotanus bewiisde har al earder yn dit sjenre mei har earste graphic novel Kyra (2022), dy’t troch de Leeuwarder Courant beskreaun waard as ‘fernimstich, oandwaanlik en kritysk’.
Werom nei it jier 1666
It kleurrike en spannende boek Jonges fan Sleat folget it ferhaal fan Jelle en syn bruorke Hidde, dy’t mei harren pake yn it stedsje Sleat binne. As Jelle in leechsteand hûs ynstapt, falt de doar yn it slot en kin er der net mear út. Yn de nacht rekket er yn in tommeljende tiid telâne: it is it jier 1666. Fan dat momint ôf libbet er him yn, yn it libben fan syn foarfaar Anske, dy’t dêr doe wenne. Mei syn broer Bernd dielt er leed en wille. As Jelle úteinlik weromkeart nei de 21e iuw, hat er net allinnich in bysûnder aventoer belibbe, mar ek in soad opstutsen oer de Gouden Iuw.
Dûbele boekpresintaasje yn de Fryske Boekewike
Tagelyk mei Jonges fan Sleat presintearret Elske Schotanus noch in nije útjefte: Twa skinken (ferskynd by Utjouwerij DeRyp). Dy graphic novel foar folwoeksenen stekt in âld folksferhaal yn in nij en nijsgjirrich jaske.
Beide boeken wurde offisjeel presintearre op sneintemiddei 1 novimber om 15.00 oere (ynrin fan 14.30 oere ôf) yn De Poarte (Kerksteeg 49, Sleat), mei meiwurking fan: Hille Faber, útjouwer DeRyp, pianiste Kanako Inoue, skriuwer Hylke Speerstra, dichter Eeltsje Hettinga en Ernst Bruinsma, útjouwer by de Afûk en direkteur fan Ljouwert UNESCO City of Literature.
Oanmelde kan foar 28 oktober fia e-mail. Elkenien is fan herten wolkom! En omdat 1 novimber middenyn de Fryske Boekewike falt, krije keapers fan it boek by de presintaasje it Kadoboek Seis Ses Zesse Ses der fergees by.
Beide boeken fan Elske Schotanus binne fansels ek te keap by de reguliere boekhannel.
Nei de webside →
