De termyn fan Marrit Jellema sit der hast op en dêrom siket de gemeente Ljouwert in nije stedsdichter foar de perioade 2027-2030.
Gemeente Ljouwert siket ‘ien dy’t sjocht, harket en wurden jout oan wat der libbet. Dy’t skriuwt oer bysûndere foarfallen, mar ek oer deistige mominten, maatskiplike ûntwikkelingen en ferhalen dy’t miskien net fansels heard wurde.’
As Stedsdichter skriuwst minimaal 6 gedichten yn in jier en bist ree om dy foar te dragen by iepenbiere gelegenheden. De gemeente freget dy om in projektplan te realisearjen dat:
- poëzy en wurdkeunst sichtber makket
- ferbining leit mei ynwenners en mienskippen
- romte jout oan de meartaligens en diversiteit fan Ljouwert – net allinnich de stêd, ek de 35 doarpen fan de gemeente.
Neist de útdaging en ivige eare stiet der in finansjele fergoeding fan € 4000 yn ‘t jier tsjinoer.
Mear witte? sjoch dan Stadsdichter van Leeuwarden.
Foto: Lianne Bergsma