De Fryske Boekewike set útein mei de feestlike presintaasje fan it Kadoboek op it Frysk Boekefeest op freed 30 oktober om 20.00 oere yn Tresoar.
It kadoboek is ‘Seis, Ses, Zesse, Ses’ fan Gabrielle Terpstra, Martsje de Jong, Gerard de Jong, Johan Veenstra, Henk van der Veer en Marije de Lange.
It Frysk Boekefeest wurdt dit jier organisearre yn gearwurking mei Tresoar. Op dizze jûn wurde ek de nammen fan de fiif skriuwers bekend makke dy’t selektearre binne foar de Gielegou Rige.
- Freed 30 oktober, 20.30 oere (ynrin 20.00 oere)
- Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
- Tagong fergees
De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan âld-sjoernalist Asing Walthaus en der is muzyk fan DJ Rick Klap. Dresscode: ‘in tintsje pears’.
It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fergees by oankeap fan € 15, – oan Fryske boeken. De Fryske Boekewike is fan 31 oktober o / m 8 novimber mei aktiviteiten op ferskate lokaasjes. Mear witte? Opjaan foar it feest?
Nei de webside →
