Alle earste tongersdeis fan de moanne baarnt yn Harns it Ferhalefjoer – plak foar ferhalen. It plak om te harkjen nei ferhalen of se sels te fertellen.
Tema Earlik sille wy alles diele
Brouwdok
Ferhalefjoer is yn Havenbrouwerij Het Brouwdok oan de Nieuwe Willemshaven yn Harns. De húskeamersfear dêr past presys by wat Ferhalefjoer wêze wol.
Op tongersdei 3 desimber kin elkenien om 19.30 oere oanskowe. De ferhalejûn duorret likernôch in oere. Tagong is fergees. In frijwillige bydrage is wolkom. Konsumpsjes binne foar eigen rekken.
Nei de webside →