Alle earste tongersdeis fan de moanne baarnt yn Harns it Ferhalefjoer – plak foar ferhalen. It plak om te harkjen nei ferhalen of se sels te fertellen.
Tema: Echt gebeurd?
Bern freegje it faak as in ferteller syn of har ferhaal dien hat: “Is it wier bard?”. Dat is de krêft fan in goed ferteld ferhaal. Wurdst deryn meinaam en sjochst it barren. Fertellers Baukje Koolhaas, Ingrid Halfhide en Frank Belt sille op 5 novimber alles dwaan om it publyk krekt dat ûnderfine te litten. Lykas altyd is dêrtusken folop rûmte foar ferhalen fan de besikers.
Flak nei Halloween binne Frank, Ingrid en Baukje benijd nei ferhalen mei in twist. Nei skiednissen dêr’tst dy fan ôffregest oft it wier bard wêze kin. Nei mearkes, fabels, folksferhalen en persoanlike ferhalen dy’t dy lykje te ferrifeljen.
Brouwdok
Ferhalefjoer is yn Havenbrouwerij Het Brouwdok oan de Nieuwe Willemshaven yn Harns. De húskeamersfear dêr past presys by wat Ferhalefjoer wêze wol. Op tongersdei 5 novimber kin elkenien om 19.30 oere oanskowe. De ferhalejûn duorret likernôch in oere. Tagong is fergees. In frijwillige bydrage is wolkom. Konsumpsjes binne foar eigen rekken.
Nei de webside →