Moai nijs út ús susterstêd yn Oekraïne, Odessa City of Literature. It projekt Odesa. Museum Diary of War, ûntwikkele troch Olena Iliasova en Mariia Apriatova fan it O.V. Bleshchunov Odesa Municipal Museum of Private Collections, is nominearre foar de ynternasjonale ICOM COMMS Awards 2026.
- De graphic novel, is yn 2025 yn it Nederlânsk en Frysk útjûn.
De renommearre priis wurdt faak fergelike mei de Oscars fan de museumwrâld. De ICOM COMMS Award beleannet de bêste ynternasjonale prestaasjes op it mêd fan moderne museumkommunikaasje, marketing en digitale projekten.
It projekt is as iennichste út Oekraïne selektearre út 112 ynstjoeringen ôfkomstich út 62 lannen op fiif kontininten. Boppedat docht de graphic novel mei yn twa kategoryen:
Best Storytelling, foar it fertellen fan it ferhaal oer it behâld fan kultureel erfgoed yn de grutskalige oarloch fan Ruslân tsjin Oekraïne, ferteld troch de eagen fan twa museumkatten, Marisel en Panna Kota.
Best of the Year, de haadkategory dêr’t it projekt yn konkurrearret mei foaroansteande musea út Dútslân, Meksiko, Sily en Palestina.
De winners fan COMMS award wurde net allinnich bepaald troch in saakkundige sjuery, mar ek troch it publyk fia iepen online stimmen. Elke stim is dêrom fan grut belang.
Stipest ús susterstêd mei dyn stim? Sa kinst stimme:
- Tik op ‘e link om de nominearre projekten te besjen
Scroll nei ûnderen en klik op “Open the voting form”
Jou dyn e-mailadres yn, folje it formulier yn en gean akkoart mei de feilichheidsregels. - Selektearje it Museum Diary of War projekt yn twa kategoryen. Om te stimmen, moatst yn alle tsien kategoryen stimme.
- Kies by Categorie 4 – Best Storytelling: kies projekt D – Museum Diary of War. Bleshchunov Odessa Museum (Oekraïne).
- Kies by Categorie 10 – Best of the Year: kies projekt E – Museum Diary of War. Bleshchunov Odessa Museum (Oekraïne).
De stimronde slút op 10 oktober.
👉 https://icom-comms.mini.icom.museum/meet-the-comms-awards-finalists-now-its-your-turn-to-vote/
