dbieb organisearret debat oer ferbeane boeken

Boeken dy’t ferbean of sensurearre wurde of dêr’t oer diskusearre wurdt: it liket wat fan lang lyn of fan fier fuort. Dochs binne de fragen dy’t dêrby hearre aktueler as oait. Yn de Week van het Verboden Boek organisearret dbieb op woansdei 23 septimber it debat ‘Verboden te lezen?’, in jûn oer sensuer, frijheid fan mieningsutering, sensitivity reading en de grinzen fan taal.

Oan tafel sitte skriuwer Pim Lammers en bookfluencer Noah de Campos Neto, útjouwer Hanna Holwerda en ûndersiker Kathleen Scherer. Sy geane mei elkoar en it publyk yn petear oer fragen as: wa bepaalt wat wy lêze meie? Moatte boeken beskermje of krekt konfrontearje? En hoe geane we om mei taal dy’t as kwetsend of gefoelich ûnderfûn wurdt? Skriuwer, dichter en teätermakker Elfie Tromp ûnderbrekt de jûn mei in flamjend pleit foar de frijheid fan it wurd. It debat wurdt laat troch skriuwster en âld-sjoernalist Lidewijde Paris.

De dielnimmers bringe elk harren eigen perspektyf mei. Sa wit Pim Lammers as gjin oar hoe’t maatskiplike diskusjes om literatuer hinne eskalearje kinne. Noah de Campos Neto wurket op it snijflak fan jeugdliteratuer, sosjale media en sensitivity reading. Hanna Holwerda fertsjintwurdiget de útjouwerswrâld en Kathleen Scherer ûndersiket de relaasje tusken taal, macht en perspektyffoarming.

Besikers kinne net allinnich harkje, mar ek aktyf meiprate. Ferwachtsje in jûn fol skerpe fragen, útienrinnende stânpunten en in iepen petear oer de wearde fan it frije wurd.

Kampanje De Week van het Verboden Boek (19 o/m 27 septimber) is in lanlike kampanje dêr’t biblioteken en boekhannels omtinken yn freegje foar boeken dy’t earne op ’e wrâld ferbean of sensurearre wurde of ûnder druk stean, en beklammet it belang fan frije tagong ta ferhalen, kennis en ferskate perspektiven. Sjoch op oare plakken yn de aginda foar mear aktiviteiten.

dbieb, Ljouwert