Nei in suksesfolle en ynspirearjende jûn ferline jier komt skriuwer Lex Paleaux werom nei Biblioteek Drachten. Diskear fertelt er oer syn nije roman In het licht van de leugen, it langferwachte ferfolch op de bestseller Liften naar de hemel.
Yn dizze ynkringende roman folget Lex op ‘e nij haadpersoan Quintin, dy’t op syk giet nei frijheid, leafde en in nij begjin, wylst foarfallen út it ferline him achterfolgjen bliuwe. Op dizze jûn fertelt Lex oer it ûntstean fan it boek, syn personaazjes en de tema’s dy’t him ynspirearje. Fansels is der folop gelegenheid om fragen te stellen en boeken sinjearje te litten.
Dizze aktiviteit fynt plak yn it ramt fan Heel Nederland Leest en wurdt organisearre yn gearwurking mei Van der Velde Boeken en Stichting Literaire Activiteiten Smallingerland.
Foto: Dirk-Jan van Dijk.
Nei de webside →