Sjoernalist en Europa-korrespondint Caroline de Gruyter komt nei de biblioteek fan Drachten. As sjoernalist foar NRC skriuwt sy al jierrenlang oer de politike, maatskiplike en histoaryske ûntwikkelingen yn Europa. Mei har skerpe analyzes en tagonklike wize fan fertellen wit sy komplekse ûnderwerpen begryplik te meitsjen.

Yn dizze lêzing fertelt sy oer har boek Zondagskinderen, wêryn’t se ûndersiket hoe’t de oarloch yn Oekraïne feroare hat hoe’t Europa nei oarloch en frede sjocht. Wat bart der as frede net langer fanselssprekkend is? En hokker lessen kinne wy lûke út de Europeeske skiednis?

In aktuele jûn fol ynsichten, histoaryske kontekst en folop gelegenheid om fragen te stellen.

Nei de webside →