Skriuwer en yllustrator Harmen van Straaten komt nei Biblioteek Drachten – en dat op 11 oktober om 15.00 oere! Fanwege syn 40-jierrich jubileum fertelt er oer syn boeken, yllustraasjes en syn nijste printeboek Herrie in de tent, it Printeboek fan de Berneboekewike 2026.

Van Straaten yllustrearre hûnderten berneboeken en skreau sels goed fyftich boeken foar bern fan ferskillende leeftiden. Bekende titels binne ûnder oare Spuit Elf, Hé, wie zit er op de wc? en Super Jan. Yn dizze bysûndere moeting fertelt er hoe’t syn ferhalen en yllustraasjes ûntsteane, sjocht er werom op fjirtich jier skriuwerskip en is der fansels ek gelegenheid om fragen te stellen.

In middei foar jong en âld oer de wrâld fan Harmen van Straaten.

Nei de webside →