Skriuwster Gabriëlle Terpstra en dichter Remco Kuiper binne op boektour mei harren debuten Geller en Grûnwetter. Ein 2025 presintearren se dy foar it earst yn keunstnersdoarp Asgaard en teäter De Bres yn Ljouwert. No bringe se harren wurk fierder troch hiel Fryslân.
Poëzy, proaza en muzyk komme byinoar yn in frije, dynamyske foarm yn ’e tour. Oer de foarm fan it barren is net folle of eins neat te sizzen: der is in begjin en der is in ein. Dêrtusken is in soad tastien, miskien wol alles mooglik, foar it publyk en foar de keunstners. Koartsein: in barren foar nijsgjirrige en frije minsken.
Oer de boeken
Grûnwetter waard yn it Frysk Deiblêd in “ferbjusterjend rike bondel” neamd. De Ljouwerter Krante priizge de toan as tichtby, eigen en hast trochsichtich.
Geller krige lof omdat it de skriuwster slagget om hieltyd ôfstân te hâlden en sa de ûnderfiningen op hast koele wize te beskriuwen. It Frysk Deiblêd neamde it “een eersteling om in te lijsten!”
Mear ynfo fia Lubbert Jan de Vries, 06-11282946 of lubbertjandevries@hotmail.com. Yn gearwurking mei: Útjouwerij De Ryp