Bist gek op spannende boeken? Moetsje dan op 22 septimber yn de biblioteek fan Snits twa bekende Nederlânske thrillerauteurs: Michael Berg en Angelique Haak.
Michael Berg wûn de NBD Biblion Gouden Strop 2026 mei syn thriller Vergelding. Angelique Haak skriuwt sûnt 2017 thrillers en wûn yn 2022 de priis foar Beste Nederlandse Vrouwenthriller mei Het verkeerde meisje.
Op ‘e jûn fertelle de auteurs oer harren boeken, ynspiraasje en skriuwproses. Silst fan alles hearre oer harren ûnderfiningen as thrillerskriuwer en fansels is der gelegenheid om fragen te stellen. In moaie kâns om de makkers fan dyn favorite pageturners better kennen te learen.
De Gouden Strop Thrillertour is in inisjatyf fan Stichting Gouden Strop en Stichting NBD Biblion. Yn dizze lanlike toer ûntfange biblioteken de bêste Nederlânske thrillerauteurs fan dit momint.
Fotografie foto Michael Berg: Dirk Jan van Dijk.