In oade oan Obe Postma, de bekende dichter fan it Fryske lânskip. Syn literêre neilittenskip en leafde foar it lânskip wurde ta libben brocht mei poëzy, sprutsen essays, muzyk en dûns. De foarstelling fynt plak op syn stjerdei, yn de doarpstsjerke fan Koarnwert – it lytse doarp oan de Iselmarkust dêr’t er berne waard en dêr’t er rêst op de lytse terp neist de tsjerke.
Programma
Poëzy en sprutsen essays fan Jabik Veenbaas, Peter Swanborn, Tryntsje van der Steege, Dichter fan Fryslân Arjan Hut en Dien L. de Boer. Piano fan Kanako Inoue en dûns fan Lara Symanski en Hinako Yukimoto.
Nei ôfrin is der in borrel en tiid om in oar te treffen.
Ynrin fan 19:30 oere ôf
Tagong: €10,-