Pia Prezelj út Sloveenje wenne en wurke yn april en maaie 2025 op útnûging fan Ljouwert City of Literature in lytse moanne yn de stêd. Under har residinsje wurke se oan in nije roman dy’t him ôfspilet op Skiermûntseach. Wy meie it earste haadstik fan dizze roman publisearje.
Pia besocht Ljouwert foar it earst yn novimber 2023 foar it Meet me at the Lighthouse festival op Skiermûntseach. It eilân, mei syn dunen, fûgels en in stadichoan ferdwynjende taal, makke djippe yndruk op har. Ut dy besite groeide it idee foar in roman dy’t him op Skiermûntseach ôfspilet.
Yn har residinsje fan 26 april oant en mei 18 maaie 2025 kearde se werom nei it eilân, diskear rinnendeweis: waadrinnend troch skulpen, modder en kwallen, ûnder in himel dy’t wider rikte as op it fêstelân. Se moete bewenners en sammele ferhalen. ‘I lay on the sand and listened to the geese and gulls and terns all flying overhead and thought about how curious the writing life can be – how all the doubt and dread before the next blank page can be outweighed by the song of a single willow warbler.’
Oer Pia Prezelj
Pia Prezelj (Slovenië, 1995) is skriuwer, oersetter en sjoernalist foar Delo, it grutste deiblêd fan Slovenië. Yn 2022 krige se fan de Sloveenske sjoernalisteferiening de Watchdog Award foar jonge sjoernalist fan it jier.
Har debútroman Težka voda (‘Zwaar water’, Goga 2023) giet oer it libben fan in âldere frou yn in ôfhandich plattelânsdoarpke, en wûn de priis foar bêste debút fan it jier. It boek stie ek op ‘e shortlist foar de Cankar-priis, de Kresnik-priis foar bêste roman fan it jier en de Zeef-priis fan resinsinten. Težka voda wurdt op dit stuit oerset yn it Italiaansk, Deensk en Kroätysk.
Skriuwersresidinsjes
Alle jierren nûget Ljouwert UNESCO City of Literature skriuwers út it bûtenlân út foar in residinsje yn de stêd, en gean skriuwers út Fryslân op residinsje nei oare stêden. Wy koördinearje en fasilitearje dy útwikselingen en bringe skriuwers yn kontakt mei lokale skriuwers, kennis, erfgoed en ynwenners.
Lês it earste haadstik fan Pia’s nije roman hjir.
Foto: Lana Špiler.