In sjiraf op it strân. Blommen op in fyts. It ljocht troch in rút. Wat makket it libben de muoite wurdich?

Yn dizze oandwaanlike foarstelling ûndersiket skriuwer Joost Oomen tegearre mei ensemble Pynarello wat skjintme is. Oomen draacht live teksten foar, basearre op syn roman Het Paradijs van Slapen. Dêrryn ferfrisselt er petearen mei syn heit, dy’t as dokter minsken begeliedt by har libbensein, ta in ferhaal oer freonskip, leafde en de lytse mominten dy’t it libben grut meitsje.

Pynarello spegelet de wurden fan Oomens yn de muzyk fan Robert Schumann, in komponist dy’t as gjin oar de tsjinstelling tusken ljocht en tsjuster ferkende. Yn eigen arranzjeminten foar strikers en blazers skynt it ensemble in nij ljocht op Schumanns Kinderszenen en syn lêste wurk, skreaun yn it skaad fan syn oankommende waansin.

Wês net bang – dit is gjin foarstelling oer de dea, mar in fiering fan wat it libben moai makket. Fan de skjintme dêr’tst net op antisipearje kinst, mar dêr’tst wol romte foar meitsje kinst.

Nei ôfrin is der in neipetear mei Joost Oomen en in pleatslike ûnderfiningssaakkundige y.g.m. Carend oer tema’s as in weardich libbensein en foltôge libben.

Nei de webside →