It Waad docht wat mei minsken. Elk dy’t oer it wetter fart, oer in sânplaat rint, troch de kwelder of by de seedyk del, fielt dêr wat bysûnders by. Foar de ien is it kalmte, foar de oar ferbining, of romte. Guon sykje unike natuerwearden, oaren de âlde ferhalen of wittenskiplike ûntdekkings.

Al dy ûnderfinings jouwe it waad syn unike wearde foar minsken, en dat is wat dielnimmers en besikers fan de gearkomste ‘Diele fan it Waad’ mei inoar útwikselje sille.

Op de ‘Dag van het Wad’, 28 juny 2025, is it waadgebiet 16 jier UNESCO wrâlderfguod, en dat is in prachtige gelegenheid foar elkenien om harren gefoel mei it Waad te dielen. De gearkomste fynt dit jier foar de twadde kear op rige plak, dit kear yn de idyllyske flintertún fan Aerden Plaats, Alde Biltsyl. De doarren gean iepen om 19:00 oere, en om 19:30 oere sille de earste sprekkers los. Tagong is fergees en donaasjes oan it Waad binne hertlik wolkom.

‘Diele fan it Waad’ is in inisjatyf fan Aggie Meijer en Sylke Kingma, twa Frysk/Biltske skriuwsters dy’t mei wurden har wurdearring foar it Waad mei leafhawwers diele wolle. Dichters, muzikanten en histoarisy nimme it publyk mei yn harren eigen ferbining mei it Waad.

Lykas foarich jier bestiet it programma út ferskate sprekkers, tusken wurdkeunst en histoarje. Tusken jong en âld, mei bekende nammen of júst nije gesichten. Ek besikers kinne harren ûnderfinings of gefoel diele, op it ‘open mic’ ûnderdiel fan de jûn.